Kollum: "Appûngelok"

04 des 2017 - 08:30
  • De Toan fan Nynke van der Zee

"No't we yn de lêste moanne fan it jier sitte, kinne we wer stimme op it 'Woord van het Jaar'. Ik haw ris efkes opsocht wat de kânshawwers dit jier binne. Boppe-oan stie it wurd 'appongeluk', in ûngelok dat bart omdat ien fan de ferkearsgebrûkers oan it appen is. En dy kâns wurdt hieltyd grutter, want mar leafst ien op de trije Nederlanners brûkt de smartphone wilens it autoriden. It is by wet ferbean, mar dochs sjocht de helte gau efkes op 'e telefoan as er in plinkje yn de tas heart. En ik jou ta: ik doch it sels ek wolris.

Mar it slimste fan alles is... <pling>. Oh, wachtsje efkes hear. Hahaha, oh ja, dat is ek sa. Grappige foto ek. Mar, wêr wie ik bleaun? Wat soe ik ek mar wer sizze? Oh ja, oer appen. Mei al dy ûngelokken ensa. En dat ik dat sels stikem ek doch. Dêr hie ik it oer toch? Sjoch, ik wit wol dat it libbensgefaarlik is. Hast de kop efkes net by it ferkear en dat kin desastreuze gefolgen hawwe. En dochs dochst it. Jou mar ta, ek jim hawwe it wolris dien.

Mar it alderslimste fan alles is... <pling> Wa is dit no wer? Oh, fuck ja. Dat soe ik ek noch dwaan. Wachtsje even hear. 'Sorry, ferjitten. Mar dat doch ik moarn. Ok?' Sa. Klear. Wat sei ik no krekt? Oer ôflieding ofsa hie ik it toch? Datst ûnderweis yn de auto ôflaat wurdst, is fansels gefaarlik, mar litte wy net allinnich de skuld jaan oan bestjoerders fan auto's. Ek fytsers hawwe der in hantsje fan om te appen. Slingerjend sjochst se oer de dyk gean, gjin besef wat der in meter foar har stiet, rint of rydt. En dan lilk wurde as se hast oanriden wurde troch in oare, ek appende fytser.

Mar hiel earlik; dat fyn it noch net iens it slimste. It alderslimste oan sa'n mobyltsje is... <pling> Och hea, ha dy it hûs te keap? Efkes gau sjen hear. Oh, bêst moai fan binnen. Dy keuken fyn ik dan wer net sa slagge, mar wol hiel moai grut. Dêr kinst wol wat fan meitsje. Hoe djoer? Oh, bliksem. 'Ha, leuk hûs. Mar nee, dit wurdt neat. Te djoer. Mar thanx.' Sa. Wat soe ik no ek mar wer sizze?

No, alderearst 'sorry' hear ik jim tinken. Dit is super rete-irritant, datst de hiele tiid op dyn telefoan sitst te koekeloeren. Ik bin der wis fan dat de helte fan de harkers no tinkt: frommes, smyt dy telefoan oan de kant. Presys! Mar sis ris hiel earlik? Dochsto dit sels stikem ek net? Datst mei ien oan it praten bist en datst in appke krijst. En dan? Jawis, dan sjochst efkes. Wylst dus in live face to face petear mei ien hast, is sa'n appke blykber toch wichtiger. Slacht nergens op. Mar wy dogge it allegearre.

Ik seach ferline wike noch twa studintes by de baly fan de NHL stean mei in fraach. En wylst de balymeiwurkster netsjes antwurd joech, koekeloerden beide froulju alwer op 'e telefoan. Net bêst. Net foar neat waard de balymeiwurkster lilk en sei der wat fan. De froulju hellen de skouders op en kuieren al append fuort. In teken fan desynteresse en gjin respekt foar dejinge mei wa'tst stiest te praten.

Dus sille wy mei ús allen ôfprate as goede foarnimmen foar 2018 dat we dit net mear dogge? Dat we ús net langer ferliede litte om a la minute op dat ding te sjen as er <pling>. No dit dus. Moai gewurde litte. Want appe past net yn it ferkear, mar kin ek yn it sosjale ferkear foar flinke botsingen soargje."

(advertinsje)