Harnzers betinke omkommen âlders yn Kamp Amersfoort

04 des 2017 - 06:18

Is kamp Westerbork it meast bekende Nederlânske kamp fan de Dútsers yn de Twadde Wrâldoarloch, dan is Kamp Amersfoort it wreedste. Yn dit trochfierkamp fan de Dútske plysje binne ferskriklike wreedheden bard en in soad minsken omkommen. Bygelyks de pake fan Hans Richard Gobes en de heit fan Marjolijn Meerlo, beide út Harns en mei-inoar troud.

Foar dizze en noch guon oare neibesteanden fan oare slachtoffers wie der snein in spesjale rûnlieding Kamp Amersfoort. Alteast fan wat der fan oer is. En dat op it momint dat it 75 jier lyn is dat harren foarâlden dêr ombrocht binne troch ophinging, útputting of mishanneling. It wie in yndrukwekkende en tige ynformative rûnlieding, fûnen de Harnzers.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)