Wenboat útbaarnd yn moeras by It Hearrenfean

03 des 2017 - 22:42
Foto: ANP

In wenboat is sneintejûn útbaarnd yn in moeras by It Hearrenfean. Om't de boat yn in bûtengebiet yn it wetter lei, wie dizze dreech te berikken en te blussen. Der moast troch de brânwacht 300 meter oan slangen útrôle wurde om de boat te blussen. Uteinlik waard besletten om de ark kontrolearre útbrâne te litten.

Der wiene op it momint fan de brân gjin persoanen op de boat oanwêzich.

Trefwurden: 
brân wenboat It Hearrenfean
(Advertinsje)
(Advertinsje)