Marrit Leenstra rydt nij Nederlânsk rekôr op 1.500 meter

03 des 2017 - 22:28
Marrit Leenstra - Foto: awfoto.nl

Marrit Leenstra is sneintejûn yn in nij Nederlânsk rekôr twadde wurden op de 1.500 meter by de wrâldbekerwedstriden yn it Kanadese Calgary. Se die dat yn in tiid fan 1.52.06. De 28-jierrige Leenstra helle hjirmei ek in flinke hap fan eigen pr ôf, dat earder op 1.53.38 stie. Leenstra hat dit wykein op alle yndividuele ôfstannen in pr riden. De winst op de 1.500 meter gie nei Miho Takagi út Japan yn 1.51.79. It brûns wie foar Yekatarina Shikhova yn 1.53.52.

Antoinette de Jong ried 1.54.87 en waard dêrmei sânde. Ireen Wüst einige krekt neist it poadium. Se waard fjirde yn 1.53.89.

(advertinsje)
(advertinsje)