Steuring iismasines foarby, Elfstedenhal moandei wer iepen
De Elfstedenhal yn Ljouwert is moandei wer gewoan iepen. De steuring oan de iismasines is ferholpen, sadat it iis wer geskikt is om op te reedriden. Yn de nacht fan sneon op snein krige de Elfstedenhal te krijen mei in defekt oan de iismasines, wêrtroch it iis teide. Der koe dêrom snein net yn de hal riden wurde.