Plysjefakbûn: Wês iepen oer kosten demonstraasje Dokkum

03 des 2017 - 20:06
Demonstraasje tsjin Swarte Pyt - Foto: ANP

It plysjefakbûn ACP wol witte hoefolle de demonstraasje fan ôfrûne sneon yn Dokkum tsjin Swarte Pyt koste hat. By dizze demonstraasje wie in grutte plysjemacht oanwêzich. It fakbûn tinkt dat dit tusken de 350.000 en 500.000 euro koste hat.

It iepenbier meitsjen fan de kosten moat foaral oan boargers sichtber meitsje wat de kosten binne fan demonstraasjes as dy yn Dokkum. De tiid dy't plysjes oan demonstraasjes kwyt is, kin neffens it fakbûn dêrtroch net oan oare plysjesaken bestege wurde.

(Advertinsje)
(Advertinsje)