UNIS Flyers winne ek fan Eindhoven

03 des 2017 - 19:31
UNIS Flyers - Foto: Martin de Jong

De iishockeyers fan UNIS Flyers hawwe snein de BeNe-leaguewedstriid wûn fan Eindhoven mei 5-2. De perioadestannen wiene 0-0, 1-1, 1-4.

Mark Hoekstra iepene yn de twadde perioade de skoare foar de Flyers. De Eindhovenaren makke yn dyselde perioade noch gelyk troch in goal fan Tom Messie. De Flyers makken ferfolgens yn de tredde perioade it ferskil. Mei tank oan doelpunten fan Adam Bezak, Aldo van Aalderen, Tony Demelinne en Lars van Edel kamen se op 5-1. Yn de slotfaze die Eindhoven noch wat werom, sadat de einstân op 5-2 kaam foar de Flyers.

De Flyers wûnen sneon ek al riant fan Luik.

Trefwurden: 
iishockey UNIS Flyers
(Advertinsje)
(Advertinsje)