Kuorballers SCO winne fan Nic

03 des 2017 - 19:01
SCO - Foto: Omrop Fryslân

De kuorballers fan SCO út Aldeholtpade hawwe snein de haadklassewedstriid tsjin Nic út Grins wûn. It waard 27-23 foar SCO. Beide ploegen giene yn de earste helte lyk op en der waard mei in 12-10 stân yn it foardiel fan SCO rêsten. Yn de twadde helte naam SCO in foarsprong en joech dy net mear út hannen.

Troch de winst klimt SCO nei it fiifde plak yn de haadklasse A.

Trefwurden: 
kuorbal SCO
(Advertinsje)
(Advertinsje)