Sven en Marit nominearre foar titel Sportman en Sportfrou

03 des 2017 - 18:51

Sven Kramer is nominearre foar de titel Sportman fan it Jier. De reedrider kriget konkurrinsje fan hurdfytser Tom Dumoulin en autokoereur Max Verstappen. Dat hat in faksjuery snein bepaald.

By de froulju makket sylster Marit Bouwmeester kâns op de titel Sportfrou fan it Jier. De oare nominearren binne hurdfytster Anna van der Breggen en atlete Dafne Schippers.

Yn de kategory Sportploech fan it Jier waarden de manlju fan de nasjonale shorttrackploech nominearre. Sjinkie Knegt, Daan Breeuwsma, Itzhak de Laat en Dennis Visser, allegear Friezen, en Dylan Hoogerwerf nimme it op tsjin it nasjonale frouljusfuotbalteam, mei dêryn de Friezinnen Sherida Spitse en Sisca Folkertsma, en it nasjonale manljushockeyteam.

Op tiisdei 19 desimber wurde de winners bekend makke by it Sportgala yn Amsterdam.

(advertinsje)
(advertinsje)