UPDATE: Brân yn skuorre yn Nyegea

03 des 2017 - 18:07

By in brân yn Nyegea is sneintejûn in caravan yn flammen opgien en hat in skuorre flinke brânskea oprûn. Om seis oere hinne krige de brânwacht de melding dat in caravan yn in skuorre oan de Hegewei yn brân stie. Troch tsjûgen waarden ek eksploazjes heard. Der waard dêrom direkt opskaald en meardere blusweinen rieden út om de brân te blussen. De eksploazjes kamen nei alle gedachten fan lege tanks dy't ûntploften. Om kertier oer sânen wie de brân ûnder kontrôle.

Yn de skuorre wiene op it momint fan de brân gjin minsken oanwêzich. De plysje docht noch ûndersyk nei de oarsaak fan de brân.

Trefwurden: 
brân caravan skuorre Nyegea
(advertinsje)
(advertinsje)