Streppel: "We hadden deze wedstrijd moeten winnen"

"We hadden deze wedstrijd moeten winnen." Dat sei trainer Jurgen Streppel fan SC Hearrenfean snein nei ôfrin fan de ferliespartij by Roda JC yn Kerkrade. It waard 2-1 foar de nûmer lêst fan earedifyzje. Neffens Streppel gie syn ploech nei de 1-1 fan Roda tefolle mei yn it spul fan de tsjinstanner. "We hebben het nog geprobeerd, maar er wordt te snel de lange bal gespeeld." In oare reden foar it ferlies wie it net benutten fan kânsen, fynt Streppel. "We hadden met rust met één of twee doelpunten voor moeten staan, dan maak je het jezelf veel gemakkelijker." Uteinlik skoarde Roda krekt foar it einsinjaal de 2-1.
SC Hearrenfean hat no seis fan de lêste acht wedstriden ferlern. Streppel is dêr net mei dwaande: "Volgens mij moet je elke wedstrijd an sich analiseren."
Ek oanfierder Stijn Schaars fynt dat syn ploech de wei kwyt wie nei de 1-1 fan Roda. "We spelen daarna lange ballen en gaan mee in hun spel. En dan scoren zij de 2-1. Dat moet beter", seit Schaars.