Follybalfroulju VC Snits ferlieze yn fiifsetter fan Eurosped

Teloarstelling by de follybalsters fan Snits © awfoto.nl
De follybalfroulju fan VC Snits hawwe sneintemiddei de útwedstriid by Eurosped ferlern. Yn Vroomshoop spile de ploech fan trainster Petra Groenland in lange fiifsetter, dy't úteinlik mei 3-2 ferlern gie. De setstannen wiene 25-15, 24-26, 15-25, 25-19 en 15-10 foar Eurosped.
De Snitsers bliuwe nettsjinsteande it ferlies op it twadde plak stean yn de kompetysje.