SC Hearrenfean ûnderút by hikkesluter Roda JC

Sportklup Hearrenfean hat sneintemiddei teloarstellend ferlern op besite by hikkesluters Roda JC. De ploech fan trainer Jurgen Streppel gie yn Kerkrade mei 2-1 ûnderút.
De earste helte stie net bol fan de hichtepunten. De bêste kâns wie foar Michel Vlap. Nei in foarset fan Yuki Kobayashi, naam Vlap de bal goed oan en seach syn skot krekt foar it Roda-doel lâns rôljen. Ek Henk Veerman en Pelle van Amersfoort krigen kânsen op de iepenistreffer, mar de bal gie der net yn. Dêrnei sakke Hearrenfean fier werom, en sa giene beide ploegen mei de bril-stân de rêst yn.
Hearrenfean kaam nei it skoft better de klaaikeamer út. Henk Veerman, dy't yn de basis de foarkar krige boppe Reza, skoarde de 1-0. Nei in goede kombinaasje mei Vlap makke Veerman it foar de goal ôf. Roda JC joech lykwols net op en kaam in kertier foar it einsinjaal op 1-1 troch in rake kopbal fan Dani Schahin. Nei in rommelige oanfal makke Livio Milts krekt foar tiid sels de 2-1 foar Roda en de Limboargers joegen dy foarsprong net mear út hannen.