Snits Wyt Swart en VV Hearrenfean ferlieze yn haadklasse A

03 des 2017 - 16:12
Fuotbal - Foto: Omrop Fryslân

Snits Wyt Swart hat sneintemiddei de kompetysjewedstriid yn de haadklasse A ferlern fan RKHVV út Huissen. It waard 1-0 foar de thúsploech. Nei in slordige iepenisfaze, krige Kevin Huitema in grutte kâns op de iepenistreffer. De bal gie der lykwols net yn. Beide ploegen giene mei in 0-0 stân it skoft yn. Yn de twadde helte kaam RKHVV op foarsprong, en joech dy net mear út hannen.

VV Hearrenfean

Ek VV Hearrenfean gie snein ûnderút. Op eigen fjild waard mei 4-1 ferlern fan SDO út Busum. Yn de 13e minút iepene SDO de skoare en oan it begjin fan de twadde helte waard dy skoare ferdûbele. Han van Dijk die wat werom foar de Feansters, mar in minút letter makke SDO de 3-1 en tsien minuten foar tiid ek de 4-1.

(Advertinsje)
(Advertinsje)