Scooterrider ferwûne nei oanriding yn Drachten

03 des 2017 - 16:07
Foto: De Vries Media

In scooterrider is sneintemiddei ferwûne rekke nei in ûngelok mei in auto op de Martin Luther Kingsingel yn Drachten. It is noch net bekend hoe't it ûngelok gebeure koe. De scooterrider is troch ambulânsepersoniel ûndersocht en dêrnei meinaam nei it sikehûs. Troch it ûngelok wie de dyk tydlik ôfsletten foar ferkear. De plysje docht ûndersyk nei de oarsaak fan it ûngelok.

Trefwurden: 
Drachten scooterrider
(Advertinsje)
(Advertinsje)