Auto oer de kop op de N381

© SR Fotografie
In automobilist is sneintemiddei ferwûne rekke by in ûngelok op de de N381 by Wynjewâld. De auto fan it slachtoffer kaam troch noch ûnbekende oarsaak op 'e kop njonken de dyk telâne. Helptsjinsten wiene manmachtich útriden om it slachtoffer te helpen. De auto lei heal yn de sleat. De brânwacht moast helpe om de persoan út de auto te heljen.
It is net dúdlik hoe't it mei it slachtoffer is.