"Swarte Pyt diskusje sit op slot"

03 des 2017 - 13:49

Utmakke wurde foar Swarte Pyt troch folwoeksen minsken is ferfelend en gebeurt de lêste trije jier hieltyd faker. Dat seit Habtamu de Hoop. Habtamu is nijkommend riedslid yn de gemeente Súdwest-Fryslân en fertelde yn it radioprogramma Buro de Vries dat hy fernimt dat de diskusje op slot sit. Oer syn eigen ûnderfiningen fertelt it politike talint: "Ik fyn Swarte Pyt gjin rasisme, mar ik fyn wol dat it bepaalde misledigingen tsjin my persoanlik oanwakkeret." De Hoop hat sels in donkere hûdskleur en hat ek dit jier yn de Sinteklazetiid ûnderfining mei opmerkingen: "Ofrûne wike bygelyks fytste der in man mei in soantsje foarby, en dy sei ynienen tsjin syn soan 'sjoch dêr rint noch in Swarte Pyt!'. Ik bin de lêste dy't seure sil oer rasisme, mar as je trije moannen in hiel soad fan dat soart lytse opmerkingen krije, dan is dat wol ferfelend."

Neffens De Hoop is it yn dizze tiid fan polarisaasje hieltyd dreger om te sizzen dat je miskien wol fine dat Swarte Pyt foar guon wol pynlik is. "Dan krije je fuortendaliks elkenien oer je hinne." De 19-jierrige ynwenner fan Wommels hat altyd genoaten fan Sinteklaas en fynt ek net dat Swarte Pyt per definysje rassistysk is of ôfskaft wurde moat, mar wiist der wol op dat troch de polarisaasje it dreech is mei in nuanssearre miening te kommen. It soe goed wêze as minsken wer nei mekoar lústerje wolle en in echt petear mei mekoar oangean, sa fynt de jonge PvdA-politikus.

Trefwurden: 
Swarte Pyt Habtamu de Hoop
(Advertinsje)
(Advertinsje)