IIsmasines Elfstedenhal draaie wer

03 des 2017 - 13:18
Foto: Omrop Fryslân, Hayo Bootsma

Monteurs hawwe de iismasines yn de Elfstedenhal wer oan de praat krigen. Yn de nacht fan sneon op snein hiene de fjouwer masines te krijen mei in steuring, wêrtroch't it iis stadichoan teide. Krekt nei it middeisoere twittere de iishal sels dat de masines wer draaiden. Wol bliuwt de iishal foar de rest fan snein ticht fanwege herstelwurksumheden. As minsken dochs de redens ûnder bine wolle, wurde se troch de Ljouwerters trochferwiisd nei de kollega's fan Thialf op It Hearrenfean.

Trefwurden: 
Elfstedenhal
(Advertinsje)
(Advertinsje)