Fryske arbitraazje by duel tusken Chelsea en Atlético Madrid

© www.dijksfotografie.nl
Hessel Steegstra út Snits en Mario Diks út Ljouwert binne no tiisdei as grinsrjochters aktyf by it Champions League duel tusken Chelsea en Atlético Madrid. Jan de Vries út Gytsjerk is as fjirde official aktyf by de wedstriid. It folslein Nederlânske arbitraazjeteam stiet ûnder lieding fan Danny Makkelie. Kevin Blom en Jochem Kamphuis meitsje it team kompleet. It duel yn groep C is bysûnder wichtich foar Atlético Madrid, om't sy de útwedstriid yn London winne moatte om noch kâns te meitsjen op it twadde plak, wat har tagong jout ta de knock-out faze fan de kompetysje.