Noch hieltyd gjin ûndersiker foar Noardseesykte

03 des 2017 - 11:05
Luna Wassenaar mei har âlden - Foto: Omrop Fryslân, Gerrit de Boer

Der is noch hieltyd net in wittenskiplike ûndersiker fûn dy't fierder ûndersyk dwaan kin nei de Noardseesykte. Dat skriuwt de stichting Noordzeeziekte op harren Facebook. De Noardseesykte is in earnstige sykte wêrby't pasjinten lêst hawwe fan harren lykwicht en epileptyske oanfallen. Ferline jier setten de âlden fan it sânjierrige famke Luna Wassenaar út Ljouwert de stichting Noordzeeziekte op, mei as doel jild te garjen foar ûndersyk. It jild foar dit ûndersyk is yntusken al lang binnen, mar in goeie ûndersiker lit noch hieltyd op him wachtsje.

Yn de hiele wrâld binne der mar 25 minsken dy't de Noardseesykte hawwe. Tsien fan harren krije in behanneling yn it UMCG yn Grins. Der leit al in ûndersyksplan, dat posityf beoardiele is troch in spesjalist. Dochs is it finen fan in ûndersiker dreech, sa seit ek bernedokter Tom de Koning: "Het is best lastig om iemand te vinden met precies de goede achtergrond, maar wij zijn zeer actief op zoek en adverteren volop. Groen licht voor ons plan is een enorme stimulans, ook voor potentiële kandidaten."

Trefwurden: 
Noardseesykte UMCG
(Advertinsje)
(Advertinsje)