Stappers soargje foar problemen yn Ljouwert

De Ljouwerter plysje moast wer yngripe op it Ruterskertier © Omrop Fryslân
De plysje yn Ljouwert hat it yn de nacht fan sneon op snein drok hân mei ferskate stappers dy't foar problemen soargen. Sa wiene der om in oere as healwei fiven moarns meardere fjochtpartijen op it Ruterskertier. Hjirby moast de plysje de lange latte brûke om de partijen útinoar te hâlden. Hjirfoar is oant no ta noch net ien oanhâlden.
Earder yn de nacht waard in 24-jierrige ynwenner fan Sliedrecht oanhâlden om't er immen mei de fûst yn it gesicht slein hie. Ek in 26-jierrige Ljouwerter moast fanwege in mishanneling mei nei it buro. De man hie in kafeebesiker mei in glês slein. Oan de ein fan de nacht waard noch in 28-jierrige Ljouwerter oanhâlden by it Ruterskertier om't er him net hâlde oan in gebietsferbod.