Steuring yn iismasines Elfstedenhal: it iis teit

© Omrop Fryslân, Andor Faber
Der kin foarearst net reedriden wurde yn de Elfstedenhal yn Ljouwert. De iismasines hawwe yn de nacht fan sneon op snein te krijen hân mei in steuring, wêrtroch't se útfallen binne. Monteurs binne dwaande om ien fan de masines wer oan de praat te krijen om sa yn alle gefallen de linen yn it iis te bewarjen. Yn totaal hat de iishal fjouwer iismasines. De steuring waard sneintemoarn betiid troch meiwurkers ûntdutsen, doe wie der ek ekstern al in alarm ôfgien.
It is noch net dúdlik wannear't de steuring wer ferholpen is, en wannear't der wer riden wurde kin yn de Elfstedenhal. De ferwachting is net dat dit snein al is. De iishal freget minsken om de ynformaasje fia de social media en op de webside yn de gaten te hâlden.