Falpartij frouljusefterfolgingsploech, manlju winne

02 des 2017 - 22:49
Foto: ANP

De Nederlânske efterfolgingsfroulju hawwe sneon gjin punten helle by de wrâldbekerwedstriid yn it Kanadese Calgary. De ploech, mei dêryn de Friezinnen Marrit Leenstra en Antoinette de Jong en Lotte van Beek, gie goed fan start, mar yn de einfaze foel Lotte van Beek. De wedstriid waard wûn troch Japan yn in nij wrâldrekôr (2.53.88). Dútslân waard twadde yn 2.56.76, foar thúslân Kanada (2.56.80).

Troch de falpartij binne de efterfolgingsfroulju noch net pleatst foar de Olympyske Spelen. Om dêr starte te meien, moat Nederlân yn de top 6 fan it wrâldbekerklassemint stean, of ien fan de rapste seizoenstiden ride. Troch it resultaat fan sneon sakket Nederlân nei it sânde plak yn it klassemint. De ploech moat dêrom by de lêste wrâldbeker fan takom wykein yn Salt Lake City noch fol oan de bak om yn de top 6 te kommen.

Manlju

De Nederlânske manlju, mei Sven Kramer yn de ploech, rieden in izersterke rit. Se wûnen dan ek yn in tiid fan 3.36.11. Dit wie de twadde tiid ea riden. Japan waard twadde yn 3.38.65, foar Noarwegen (3.38.95). De Nederlânske manlju binne dêrmei wis fan dielname oan de Spelen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)