UNIS Flyers set Leuven oan 'e kant: 6-0

02 des 2017 - 22:13
Foto: fotopersbureau MartindeJong

De UNIS Flyers hawwe sneontejûn yn de BeNe-league de thúswedstriid wûn fan Leuven. It waard 6-0, nei de perioadestannen 4-0, 0-0 en 2-0.

De Flyers giene flitsend fan start, wêrby't yn de earste perioade fjouwer kear skoard waard. Brent Janssen, Ronald Wurm (2x) en Lars den Edel setten de thúsploech op 4-0. Yn de twadde perioade waard wat gas werom naam en net skoard. Yn de tredde perioade setten de Flyers wer oan en waard troch Tony Demelinne en Kevin Nijland skoard, sadat de einstân op 6-0 kaam.

Trefwurden: 
iishockey UNIS Flyers
(Advertinsje)
(Advertinsje)