Leenstra yn nij PR nei it brûns op de 1.000 meter yn Calgary

02 des 2017 - 20:40
Marrit Leenstra - Foto: ANP

Marrit Leenstra fan Wikel is sneon tredde wurden op de 1.000 meter by de wrâldbekerwedstriden yn it Kanadese Calgary. Se die dat yn in nij persoanlik rekôr: 1.13.72. It is de earste yndividuele wrâldbekermedalje foar Leenstra dit seizoen. De wedstriid waard wûn troch Heather Bergsma yn 1.13.37, Yekatarina Shikhova út Ruslân waard twadde yn 1.13.70.

Yn de B-groep waard Letitia de Jong fan Feanwâlden twadde mei in tiid fan 1.14.12.

Manlju

By de manlju wie der ek Nederlânsk súkses. Kai Verbij wûn de 1.000 meter yn 1.06.93 nei in diskwalifikaasje foar Pavel Kulizhnikov. Kjeld Nuis waard twadde (1.06.96) foar Håvard Lorentzen (1.06.98).

(Advertinsje)
(Advertinsje)