Nij fûns foar ûndernimmers yn Achtkarspelen

02 des 2017 - 19:28
Gemeente Achtkarspelen

Yn de gemeente Achtkarspelen is in fûns oprjochte om de lokale ekonomy en wurkgelegenheid te stimulearjen. It fûns fan de stichting 8karspelen stelt kapitaal beskikber, benammen foar startende en duorsume ûndernimmers.

It fûns is in inisjatyf fan de gemeente, Stichting Bedrijven Centrum Achtkarspelen, de Rabobank en de ûndernimmersferiening Achtkarspelen Bedrijven Contact.

(advertinsje)
(advertinsje)