ONS Snits wint Fryske derby fan Harkemase Boys

De Fryske derby tusken Harkemase Boys en ONS Snits yn de tredde difyzje op sneon, is einige yn in oerwinning foar de Snitsers. Op Sportpark De Bosk yn Harkema waard it 3-2 foar ONS. Snits kaam oant trije kear ta op foarsprong yn Harkema, troch doelpunten fan Curty Gonzalez en Klaas de Vries.
Oerwicht Harkemase Boys
De Harkiten hiene yn de iepeningsfaze in fjildoerwicht. Dit resultearre yn kânsen foar Jan Hooiveld, Yannick Kaluzi en Henny Bouius. Tsjin de ferhâldingen yn wie it lykwol ONS dat yn de 20e minút de iepeningsgoal skoarde út de earste de beste kâns. Curty Gonzalez makke de 1-0 nei in komby mei Arton Musliu. Lang koene de Snitsers net genietsje fan de foarsprong, want Bouius makke yn de 29e minút de 1-1.
Matchwinner
Betiid yn de twadde helte wie it opnij Gonzalez dy't Snits op foarsprong sette nei in solo-aksje. De Harkiten krigen dêrnei in penalty, nei't ynfaller Tom Boezerooy omfier lutsen waard. Jesse Renken tekene fan alve meter foar de 2-2. Dochs wie it Snits dat er mei de oerwinning fantroch gie. In kertier foar it einsinjaal makke Klaas de Vries de winnende treffer foar ONS, dat de trije punten meinimt nei Snits.