Oanspielde potfisk wurdt ûntleed yn Harns

02 des 2017 - 17:53
Foto: ANP

De potfisk dy't earder dizze wike oanspielde op in strân yn Seelân, wurdt nei Harns brocht. De seksje op it trettjin meter lange bist waard sneon ôfsletten en begjin takom wike giet it op transport nei Harns. Dêr sil it skelet derút helle wurde en skjinmakke wurde. Naturalis sil besjen oft it skelet dêrnei in plakje krije kin yn in museum.

It is noch ûnwis wat de deadsoarsaak fan de potfisk is. Mooglik giet it om in darmynfeksje.

Trefwurden: 
potfisk Harns
(advertinsje)
(advertinsje)