UPDATE: Gjin ynsidinten by manifestaasje yn Dokkum

02 des 2017 - 18:10

De demonstraasje yn Dokkum tsjin Swarte Pyt is ôfrûn. Der hawwe gjin ynsidinten west. Der wiene sa'n 150 anty-swarte pytdemonstranten dy't fan de Rânestêd út nei Dokkum kamen. Der wiene ek in pear Pegida-oanhingers dy't as Swarte Pyt ferklaaid waarden en pipernuten útdiele woene yn it sintrum, mar se waarden oan de râne fan de binnenstêd tsjinholden.

De gemeente hie oan it begjin fan de middei in needbefel ôfkundige. Alle auto's op de tagongsdiken nei Dokkum waarden kontrolearre. Der binne twa minsken oanholden dy't har net identifisearre koene. De plysjeynset by dizze demonstraasje yn Dokkum wie grut, der stiene sa'n 300 man paraat.

Under begelieding fan de plysje ride de bussen mei demonstranten werom nei Duivendrecht.

Boargemaster is tefreden

Boargemaster Marga Waanders fan Dongeradiel is foldien oer it ferrin fan de demonstraasje yn Dokkum. "Der wie in ûntspannen sfear yn de stêd mei begryp foar de oanwêzichheid fan de plysje", seit Waanders.

Der wie ien groep dy't mooglik te lijen hân hat fan de manifestaasje, de winkeleigeners. "De winkeleigeners hawwe nei alle gedachten in minder goede dei hân. Wy hoopje dat minsken moarn, op keapsnein, de wei nei Dokkum wer fine kinne. Ek moarn is Dokkum dy prachtige stêd om fan te hâlden", seit Waanders.

Se is grutsk op de ynset fan alle minsken dy't holpen hawwe om de manifestaasje probleemleas ferrinne te litten.

(Advertinsje)
(Advertinsje)