FIDEO: Artistyk Talant docht mei oan LF2018

Dûnsje, sjonge, muzyk en teäter meitsje; de minsken fan Talant stappe op it poadium yn 2018. Op alderhande manieren sille mear as 1.500 kliïnten fan de soarchorganisaasje harren oanslute by de ferskate projekten en eveneminten fan LF2018.
Projektlieder Corrie van Hilten fan Talant jout oan dat se bliid is mei alle entûsjasme en aktive partisipaasje fan de dielnimmers. Neffens har is dit de útlêzen kâns om in grut part fan de mienskip in de kunde te kommen litte mei de artistike talinten mei in beheining. ''Ik wit der der sa'n soad talint is ûnder minsken mei yn beheining. Likefolle as by minsken sûnder in beheining. Dy talinten komme der faak net út, om't de soarch benammen rjochte is op aspekten sa as sûnens, hygiëne ensfh.. Dus dit is in hiele moaie kâns foar ús.''
Neist de eigen produksjes sille guon kliïnten ynminge by de reguliere foarstellingen fan profesjonele selskippen en helpe as frijwilliger by eveneminten. Alles wurdt mei mooglik makke troch in subsydzje fan de provinsje en jild foar ferfier fan de stichting 'Vrienden van Talant'. Neist dizze bydragen wurdt der troch Talant noch hieltyd drok socht nei oare jildsjitters dy't de projekten mooglik meitsje kinne.