Brânstifting hertekamp oplost

© Omrop Fryslân
Mei de oanhâlding fan trije jonges hat de plysje de brânstifting yn it hertekamp yn Grou oplost. It giet om jonges fan 17 en 18 jier út Grou, Jistrum en Achlum. De ferbliuwen fan de bisten giene op 8 oktober folslein ferlern. It soarge foar in soad ûnrêst yn it doarp.
Neffens de wykplysje hawwe de jonges de boel yn de brân stutsen doe't se ûnder ynfloed wiene fan alkohol. De plysje kaam de dieders op it spoar, nei in tip.