Gjin medalje foar judoka Margriet Bergstra yn Tokio

Margriet Bergstra by in training
Judoka Margriet Bergstra fan De Lemmer is der sneontemiddei net yn slagge in medalje te pakken by de grandslamwedstriid yn Tokio. Yn de klasse oant 57 kilogram waard de 24-jierrige Bergstra sânde.
Bergstra wûn yn de earste ronde noch mei ippon fan Helen Dawa út de Filipinen en yn de twadde ronde mei waza-ari fan Timna Nelson Levy út Israël. De lettere winner fan it goud, Tsukasa Yoshida út Japan, wie yn de kwartfinale lykwols mei ippon te sterk foar Bergstra. En ek yn de herkânsing rêde de Friezinne it net. Momo Tamaoki út Japan wûn mei ippon.