Minsken oanhâlden yn oanrin nei Swarte-Pyt demonstraasje

02 des 2017 - 14:05

De plysje yn Dokkum hat sneon oan it begjin fan de middei twa minsken oanhâlden. Se koene harren net identifisearje. De plysje is manmachtich yn de stêd oanwêzich fanwege demonstraasjes fan foar- en tsjinstanners fan Swarte Pyt. Foar de stêd is in needbefel ôfkundige, sadat de plysje minsken kontrolearje mei. De plysje hâldt de tagongsdiken yn de gaten en skiedt de ferskate aksjegroepen fan mekoar.

Demonstranten ûnderweis

De anty-Pyt demonstranten binne sneon krekt nei it middeisoere yn Fryslân oankaam. Nei in tuskenstop yn Surch binne se mei twa bussen trochriden yn de rjochting fan Dokkum. De bussen wurde begelaat troch meardere motoraginten, in lytse tsien ME-buskes en twa frachtweinen fan de wegewacht. Dizze frachtweinen kinne ynset wurde at de stoet wer in blokkade tsjinkomt.

(Advertinsje)
(Advertinsje)