UPDATE: Plysje siket mei boat nei Remon Bruinsma (18)

02 des 2017 - 13:47

Sneontemiddei wurdt der mei in boat socht yn de grêft oan de Ljouwerter Nijstêd nei de fermiste Remon Bruinsma. Oant no ta hat de syktocht fan de plysje nei de 18-jierrige jonge fan De Westereen noch neat opsmiten. Bruinsma waard tongersdeitenacht foar it lêst sjoen yn de Alde Doelesteech en op de Nijstêd yn Ljouwert. Hy wie dêr op stap, mar is noch hieltyd net thúskaam. Syn mobile telefoan waard freedtemoarn wol fûn yn de stêd. De plysje sil sjen nei kamerabylden fan de binnenstêd. Ek is der al socht by de kanten fan de stedsgrêften.

Ansje Dijkstra, de mem fan Remon, pleatste freedtejûn in oprop op Facebook. Dy waard al gau mear as 9.000 kear dield.

(Advertinsje)
(Advertinsje)