Needbefel útroppen yn Dokkum fanwege demonstraasje

02 des 2017 - 11:51
Foto: De Vries Media

Yn Dokkum jildt sneon in needbefel. Mei it needbefel kin de plysje de tagongsdiken ôfslute en kontrolearje wa't de stêd yn wol. Dy maatregel is naam omdat sa'n 300 demonstranten nei de stêd komme om te protestearjen tsjin Swarte Pyt en om harren ûnfrede kenber te meitsjen tsjin de blokkade op de A7 fan twa wiken lyn. Ek demonstranten fan de rjochtse beweging Pegida komme nei Dokkum. Se sille, ferklaaid as Swarte Piten, foarôfgeand oan de demonstraasje pipernuten útdiele.

De gemeente is bang foar ludike aksjes, konfrontaasjes en provokaasjes tusken foar- en tsjinstanners fan Swarte Pyt. Wa't meidwaan wol oan de manifestaasje fan de Stichting Nederland Wordt Beter, moat him melde oan de Woudpoarte, oan de súdkant fan de stêd. De aksjefierders meie tusken 14.00 en 16.00 oere demonstrearje op it plein Acht Zaligheden. Minsken dy't in tsjinlûd hearre litte wolle, moatte harren melde oan de Hanspoarte, oan de westkant fan de stêd.

(Advertinsje)
(Advertinsje)