Ald-boargemaster Gerrie van Delft ferstoarn

02 des 2017 - 11:25
Gerrie van Delft waard riddere by har ôfskied as boargemaster fan Menameradiel - Foto: Omrop Fryslân

Ald-boargemaster fan Menameradiel Gerrie van Delft is woansdei ferstoarn. Se is 70 jier wurden. Van Delft is berne yn Snits. Se wie earst riedslid en wethâlder yn Beverwijk en wie dêrnei fan 1994 oant 2012 de earste en iennichste froulike boargemaster fan Menameradiel. By har ôfskied waard se beneamd ta ridder yn de Oarder fan Oranje-Nassau.

De gemeente Menameradiel sprekt oer Van Delft as in sosjale en markante frou mei in grut ferantwurdlikheidsgefoel. Neffens de provinsje hie Van Delft in skerp each foar de kwaliteit fan de gemeentlike tsjinstferliening en bleau se trou oan har idealen. Tiisdei wurdt Van Delft kremearre yn Marsum.

(Advertinsje)
(Advertinsje)