Alderen Swettehiem sparje foar optreden Willeke Alberti

Willeke Alberti © ANP
Bewenners fan Wensoarchsintrum Swettehiem yn Ljouwert wolle sa graach dat sjongeres Willeke Alberti by harren delkomt om op te treden, dat se in ynsammelaksje begûn binne. De aksje is in inisjatyf fan de Stichting Bewoners Swettehiem-Westeinde. De opbringst fan de ynsammelaksje sil troch it Preemjeplan fia it Nasjonaal Aldereinfûns ferdûbele wurde. De einstân wurdt op 3 jannewaris bekend makke. De bedoeling is dat Alberti op 14 febrewaris nei Swettehiem komt.