De Russyske Mir komt opnij nei Harns

02 des 2017 - 09:50

It Russyske tallship Mir komt opnij nei Harns, dat makke Arjen Mintjes fan de stichting Harlingen Sail bekend. Mintjes is op it stuit yn it Frânske Bordeaux dêr't in grut ynternasjonaal kongres hâlden wurdt oer tallships. Op it evenemint wurde allerhande presintaasjes jûn oer de grutte sylskippen, de wedstriden en benammen de training fan it personiel. It doel fan it kongres is om mear minsken te helpen om it avontuer op see oan te gean. Fansels is it kongres fan trije dagen fan grut belang foar de stêd Harns, dy't graach mear tallships nei de havenstêd helje wol.

Njonken de Mir is de organisaasje fan de Tallship Race yn Harns ek yn petear mei oare skippen. De finish fan de Tallships Race is takom jier fan 3 oant en mei 6 augustus yn Harns.

Trefwurden: 
Mir Tallships Race
(Advertinsje)
(Advertinsje)