Plysje en ME klear foar begelieding demonstrantebussen

02 des 2017 - 08:38

Sa'n 300 demonstranten komme sneon nei Dokkum om te protestearjen tsjin Swarte Pyt en om harren ûnfrede kenber te meitsjen tsjin de blokkade op de A7 fan twa wiken lyn. Doel fan de demonstraasje is neffens organisator Stichting Nederland wordt Beter, om op te kommen foar de frijheid fan mieningsutering en it demonstraasjerjocht. De bussen mei demonstranten krije begelieding fan de plysje om foar te kommen dat se opnij tsjinhâlden wurde.

Demonstranten fan de rjochtse beweging Pegida sille, ferklaaid as Swarte Piten, foarôfgeand oan de demonstraasje pipernuten útdiele.

Op it plak dêr't twa wiken lyn de blokkade wie, hinget no in wolkomstspandoek mei de tekst 'Wolkom yn Fryslân 364 dagen yn 't jier!'.

(Advertinsje)
(Advertinsje)