Boetes foar te hurd of krekt te traach ride by Ljouwert

02 des 2017 - 08:24
Plysjes by in eardere ferkearskontrôle - Foto: ANP

De plysje yn Ljouwert hat freed meardere bestjoerders oanhâlden by ferkearskontrôles rûnom yn de stêd. In 23-jierrige automobilist út Kollumerlân ried 67 kilometer yn 'e oere te hurd en moast syn rydbewiis ynleverje. In 48-jierrige hurdrider út de gemeente Ljouwert rekke sy rydbewiis ek kwyt om't hy mei 51 kilometer yn 'e oere te fluch riedt.

In 45-jierrige Ljouwerter moast syn auto ynleverje om't hy foar de tredde kear efterinoar sûnder rydbewiis efter it stjoer siet. In 64-jierrige Ljouwerter krige in proses-ferbaal foar gefaarlik riden om't hy hiel stadich mei de caravan efter de auto oer de N31 by Marsum ried.

Trefwurden: 
ferkearskontrôle
(Advertinsje)
(Advertinsje)