Autobannebrân soarget foar oerlêst

02 des 2017 - 08:12
Tunnel fol reek - Foto: SR Fotografie

Trije baarnende autobannen hawwe yn de nacht fan freed op sneon foar oerlêst soarge yn de omjouwing fan de Betonwei by De Harkema. Unbekenden hiene de bannen yn in tunnel ûnder de Betonwei dumpt en yn de brân stutsen. By de brân kaam in soad reek frij, dêr't it ferkear lêst fan hie. De brân wie boppedat yn de fiere omkriten goed te rûken.

De brânwacht hat it fjoer útmakke, de plysje sil de brânstichting ûndersykje.

Trefwurden: 
brân brânwacht
(advertinsje)
(advertinsje)