Kollum: "Reedride"

02 des 2017 - 08:25

"Is der reden om de needklok te lieden as it om it reedriden giet? De KNSB sjocht it tal leden alle jierren fierder werom rinnen. En dat giet echt oer grutte persintaazjes. As de trend fan hast iisleaze winters trochset, en dêr liket it op, ûntbrekt hjir yn dit reedrydgekke lân de grutste promotor fan nije oanwaaks: natueriis.

Natueriis is de iennichste wize om jonge bern wer waarm te krijen foar de oerâlde wintersport. Natueriis is fergees, je hoege der net foar nei Thialf of Ljouwert. It is mei it riden krekt as mei oare sporten, as de bern studearje of se krije in relaasje, hâlde se faak op mei de sport. Dus bliuwe der wer minder reedriders oer.

Dêr komt noch by dat as je mei in gemiddelde hûshâlding (man/frou/twa bern) in winterskoft in abonnemint nimme, je in grut bedrach kwyt binne dêr't je ek oare leuke dingen fan dwaan kinne. Dus de kâns is reëel dat guon grutte talinten dy't tafallich út gesinnen komme dy't it finansjeel net al te breed ha, net iens yn byld reitsje by de jeugdtrainers, domwei omdat it foar harren te djoer is. Datselde jildt foar nije oanwaaks fan nij talint by bygelyks iishockey. Boppedat is winter tsjintwurdich in flokwurd, in soad minsken kieze leaver foar in wike nei de Kanaryske sinne yn jannewaris dan mei in mûtse op en wanten oan de feart út.

Sjoch no ris nei in gemiddeld rekreaasje-oerke op ien fan de beide keunstiisbanen. As se gjin klots op de kop hawwe, is it hier faak griis. Itselde kin sein wurde fan de gemiddelde leeftiid fan de taskôgers. Om yn de kunde te kommen mei it riden, is natueriis fan libbensbelang, dêr is freon en fijân it wol oer iens. It is alwer in moai skoftsje lyn dat we in knap winterke hân hawwe. Ik bin trouwens benaud dat, mocht der noch wer ris in langere perioade mei in bak snie en froast komme, dit lân der net iens mear mei omgean kin. As je no al sjogge dat in reinige tsjustere dei soarget foar in ferkearsynfarkt dêr't in hynder de hik fan krijt, stiet in sniestoarm hast garant foar it tydlik ta stilstân kommen fan de Nederlânske ekonomy. Sûnder gekheid, as we de winter fan 1979 yn dizze tiid meimeitsje soenen, wie it net bêst.

Dizze wike haw ik wat om my hinne frege wannear't it de lêste kear wie dat minsken op redens stie hawwe. En oft der yn myn sportgekke omjouwing guon mei regelmaat op in keunstiisbaan ride. En oft se bern út de klasse kinne dy't dat dogge. Mei muoite wiene der in stik as wat nammen te betinken. Doe't wy op de legere skoalle sieten, wiene der hast alle winters de jierlikse ûnderlinge wedstriden. Der wie eins hast altyd wol ergens in stikje ûnderstrûpt lân dêr't je dat dwaan koene. Ik ha de foto's noch wol. It wie alle winters noch wol even sa echt winter dat je ride koene. En hast alle bern koene ek ride. De iene better as de oare, mar se hiene allegearre redens.

Freegje foar de aardichheid by jim yn de buert oan in pear bern mar ris oft se noch wol in pear redens hawwe dy't passe. Dy't se daliks oandwaan kinne mocht de froast der yn falle. En dan ek mei opsetsin it prachtige Fryske wurd redens brûke. Grutte kâns dat se je mei grutte glêzige eagen oansjogge. Redens? Wat binne dat?

Immen de redens ûnderbine. Dat hat ek in oare betsjutting. Sykje dat mar ris op. As it natueriis mar lang genôch op him wachtsje lit, wurdt it dreech om de beide Fryske keunstiisbanen rendabel te hâlden. As se dat al binne. Koartsein: We moatte winter hawwe."

(advertinsje)
(advertinsje)