Ricardo Kip: ''Die bal moest er gewoon in''

01 des 2017 - 23:12

''Ik moest die bal gewoon binnenknallen'', sei matchwinner Ricardo Kip freedtejûn nei ôfrin de wedstriid fan Sportklup Cambuur tsjin Telstar. De Ljouwerters wûnen foar de twadde kear in thúswedstriid dit seizoen: 2-1. ''Dit was voor mij het ideale moment, deze gaat niemand mij meer afnemen'', neffens Kip. ''Vooral in deze omstandigheden is het extra belangrijk, elk punt is nu van groot belang.'' De middenfjilder doelt dêrmei op it ûntslach fan trainer Marinus Dijkhuizen, earder dizze wike. ''Als een trainer ontslagen wordt is het altijd roerig, maar je moet toch door. Ik heb keihard getraind en dan is het wachten op je kans als invaller.''

Hektyske wike

Neffens ynterim-trainer Sipke Hulshoff hat in hektyske wike west. ''De skouders moasten wer rjochte wurde'', sa fertelle er nei de wedstriid. "Tsjin Telstar hienen wy jûn de kâns om it sportive debakel fan moandei rjocht te setten. Dat hawwe wy dien. Wy kamen goed út de startblokken, mar kamen dêrnei op efterstân. Doe moasten de koppen wer omheech. Sels nei de 1-1 wienen wy noch net tefreden. It risiko dat wy nommen ha, is hjoed einliks beleanne.''

''Het is alleen maar heel erg lekker'', fertelde in blide Martijn Barto freedtejûn. ''We hebben heel veel pech gehad dit seizoen, dus mag het ook wel eens onze kant op vallen. Na de achterstand zijn we blijven gaan en dat heeft ons vandaag de overwinning opgeleverd. Hier waren we echt wel aan toe.''

Trefwurden: 
SC Cambuur fuotbal Telstar
(Advertinsje)
(Advertinsje)