Sven Kramer wint 5 km nei moaie rit, Bergsma lêste

01 des 2017 - 22:47
Sven Kramer - Foto: awfoto.nl

Sven Kramer hat de 5.000 meter by de wrâldbekerwedstryd yn Calgary wûn. De hâlder fan it wrâldrekôr ried yn de spannende lêste rit tsjin Ted-Jan Bloemen in tiid fan 6:07.04. Bloemen, dy't útkomt foar Kanada, waard twadde yn 6:08.54. De Dútske Patrick Beckert einige tredde yn 6:10.80.

It begjin fan de lêste rit wie foar Bloemen, dy't de earste pear rûntsjes spektakulêr hurd ried. Dêrnei Kramer fierde it tempo stadichoan op. Kramer kaam úteinlik as winner út de prachtige striid. De Fries hat no alle trije wedstriden yn it kombinaasjeklassemint oer de 5.000 en 10.000 meter wûn.

Jorrit Bergsma, dy't noch noait bûten de top 10 einige wie, waard yn Calgary 16e en lêste yn in tiid fan 6:22.38. Hy fielde him earder dizze wike net hielendal fit.

(Advertinsje)
(Advertinsje)