Sealfroulju Drachtster Boys útskeakele yn heale finale beker

01 des 2017 - 22:17

It is de sealfuotbalfroulju fan Drachtster Boys net slagge om harren te pleatsen foar de lanlike bekerfinale. Freedtejûn ferlearen de Drachtsters mei dikke sifers fan Nieuw Roden: 7-3.

It like al frij gau kânsleas foar Drachtster Boys. Yn De Like hie de thúsploech by it skoft al in foarsprong fan 5-1. Troch twa goals fan Esther van Toledo - sy hie de earste ek al makke - kamen de Drachtsters noch werom ta 5-3, mar dêrnei rûn Nieuw Roden wer út nei 7-3. Dat wie ek de einstân.

Nieuw Roden giet no nei de bekerfinale, dy't op 30 maart spile wurdt yn Amsterdam.

(advertinsje)