Ynfallers besoargje Cambuur oerwinning nei hektyske wike

01 des 2017 - 22:07

Sportklup Cambuur hat nei in hektyske wike in belangrike oerwinning pakt. Thús tsjin Telstar makken de Ljouwerters in achterstân goed: it waard úteinlik 2-1.

De ploech fan Sipke Hulshoff, dy't nei it ûntslach fan Marinus Dijkhuizen wer ynterim-trainer is, hie it yn de earste helte net maklik mei Telstar. It begjin fan de wedstryd wie foar Cambuur, mar de besikers kamen der hieltyd wat better yn. Andrija Novakovich wie it tichtst by in goal. De spits fan Telstar rekke de peal.

Yn de twadde helte kaam Cambuur sels op efterstân. Mohammed Hamdaoui kaam yn it drokke strafskopgebiet tusken fjouwer Cambuurferdigeners ta in skot en hy passearre keeper Erik Cummins. Nei't Novakovich in grutte kâns op de 0-2 mist hie, socht Cambuur mear de oanfal. Ynfaller Furdjel Narsingh koe yn de 77e minút de lykmakker binnen tikje nei goed wurk fan Issa Kallon. Fiif minuten letter krige Cambuur in strafskop. Rjochtsback Jordy van Deelen kaam nei in goede aksje it strafskopgebiet yn en waard dêr ûnderúthelle. Ricardo Kip, dy't krekt yn it fjild stie, skeat raak fan 11 meter ôf.

SC Cambuur - Telstar 2-1 (0-0) 48. Hamdaoui 0-1, 77. Narsingh 1-1, 82. Kip 2-1 (strafskop)

Opstelling SC Cambuur: Cummins; Van Deelen, Steenvoorden, Schilder, Peersman, Houtkoop (57. Daniels); Smeets (79. Kip), Van Kippersluis (69. Narsingh), Schils; Kallon, Barto

Trefwurden: 
SC Cambuur Telstar fuotbal
(Advertinsje)
(Advertinsje)