Froulju Hearrenfean winne troch lette goal yn Alkmaar

Fenna Kalma © Omrop Fryslân
De Hearrenfeanfroulju ferspilen freedtejûn op besite by Alkmaar in foarsprong fan 2-0, mar troch in doelpunt yn de lêste minút wûn it team fan Roeland ten Berge dochs noch mei 3-2.
Al nei in kertier glide Fenna Kalma de earste goal deryn foar Hearrenfean. Dayna Schra soarge dêrnei foar de 0-2, mar noch foar it skoft die Katja Snoeis wat werom foar de thúsploech. Dyselde Snoeis sette Alkmaar yn de twadde helte sels op likense hichte. Lang like it 2-2 te bliuwen, mar Tiny Hoekstra besoarge Hearrenfean yn de lêste minút dochs de oerwinning.
Troch de oerwinning giet Hearrenfean de Alkmaarders foarby op de ranglist. Hearrenfean stiet no tredde.