Plysje siket nei fermiste jonge fan De Westereen

01 des 2017 - 21:39
Foto: Facebook Ansje Dijkstra

De plysje is op syk nei de 18-jierrige Remon Bruinsma fan De Westereen. Bruinsma waard tongersdeitenacht foar it lêst sjoen yn de Alde Doelesteech en op de Nijstêd yn Ljouwert. De 18-jierrige jonge wie dêr op stap, mar is noch hieltyd net thúskaam. Syn mobile telefoan waard freedtemoarn wol fûn yn de stêd.

Ansje Dijkstra, de mem fan Remon, pleatst freedtejûn in oprop op Facebook. Dy waard al gau tûzenen kearen dield.

(advertinsje)
(advertinsje)