Antoinette de Jong twadde op 3 km yn Calgary

01 des 2017 - 21:31
Antoinette de Jong - Foto: awfoto.nl

Antoinette de Jong is freed twadde wurden op de 3.000 meter by de wrâldbekerwedstryd yn it Kanadeeske Calgary. Allinnich Miho Takagi wie flugger. De Japanse sette in tiid fan 3:57.09 del. De Jong, Nederlânske kampioene op de 3.000 meter, ried wol in persoanlik rekôr: 3:57.78. Dat is hast twa sekonden rapper as har foarige persoanlike bêste tiid. Ireen Wüst waard tredde yn 3:58.10.

It wie de twadde kear dat de reedrydsters in 3.000 meter rieden yn dit wrâldbekerseizoen. Trije wiken lyn wie De Jong op It Hearrenfean noch de bêste. Yn it kombinaasjeklassemint oer de 3.000 meter en 5.000 meter stiet De Jong noch hieltyd earste.

(Advertinsje)
(Advertinsje)