Rivella kaam út Wolvegea

02 des 2017 - 11:00

It is dit jier 60 jier lyn dat yn Wolvegea úteinset waard mei de produksje fan Rivella. Yn it fabryk oan de Oppers wurken op in bepaald stuit 125 minsken en dêrmei wie it in grutte wurkjouwer yn de Stellingwerven. Yn earste ynstânsje waard de 'Switserske' Rivella makke yn in flesse mei in read etiket. Mar op fersyk fan de sûkerpasjinteferiening yn Wolvegea waard der ek in sûkerfrije fersje makke, yn in flesse mei in blau etiket, dy't hjir yn Nederlân populêrder waard as de orizjinele. Hoewol't it fabryk mar 22 jier draaid hat, wurdt it gebou oan de Oppers yn Wolvegea noch altyd betitele as it 'Rivella-fabryk'.

Rein Brandsma wie assistint-bedriuwslieder. Hy herinnert him foaral de oergong fan de trijekwartliterflessen nei de literflessen. "De hiele produksjelijn moast feroare wurde en der wiene nochal wat problemen. Ik wurke faak de dei rûn. Dan begûn ik 4 oere moarns en de oare deis om 4 oere wie ik der noch. Tuskentroch die ik in sliepke op twa stuollen." It gesin hie dêr fan te lijen, en hysels ek. Mar spyt hat er der net fan. "Op finansjeel gebiet ha wy it no noch altyd goed, dat is de oare kant."

Mei mear as 100 wurknimmers en allegear glêzen flessen op in rinnende bân wie der altyd in soad leven yn it fabryk. Brandsma: "Sa'n 125 desibel. Mar fan gehoarbeskerming hiene we noch noait heard." Wiebe Kingma, dy't oan de rinnende bân stie is dôf wurden dêrtroch. Doe't yn 1979 de produksje fan Rivella oerhevele waard nei Ljouwert, giene in soad wurknimmers mei. "Mar ik ha it altyd skande fûn dat Rivella út Wolvegea wei gie", sa seit Kingma.

Ald-meiwurkers fertelle snein yn Buro de Vries oer it âld Rivella-fabryk.

(Advertinsje)
(Advertinsje)